Klik hjir foar in lyts foarpriuwke
fan de foarstelling.
Sjongend en fertellend giet Gerbrich troch it wurk fan Dolly Parton — op syk nei de magy yn de wurden en meldijen fan dat strjitearme famke dat harsels út de bergen fan Tennessee wei nei de absolute wrâldtop ta dreamde.
En, dy’t al in heale iuw lang it meast útienrinnende publyk oan wit te sprekken én te ferbinen.
Nei it sukses fan ‘Trav’lin in the Footsteps’ is ‘Wei fan Dreamen’ de nije foarstelling fan Gerbrich van Dekken.
Yn ‘e mande mei muzikanten Wander van Duin en Josse Postma dûkt se yn it libben, mar foaral de muzyk fan ien fan har grutste muzikale helden: Dolly Parton.
SPUL, MUZYK & SANG
Gerbrich van Dekken
mei Wander van Duin
en Josse Postma
TEKSTEN & REZJY
Bart Kingma
LIETTEKSTEN
Swaan Vondeling
Bart Kingma
Josse Postma
Jurjen van der Meer
TECHNYSK ADVYS
Harry Zwerver
snein 15 febrewaris ’26 • 15:00 oere
Doarpstsjerke, Rottefalle
Utfiering Wei fan Dreamen
snein 8 maart ’26 • 15:00 oere
Theater de Koornbeurs, Frjentsjer
Utfiering Wei fan Dreamen
GERBRICH EN IT GRUTTE GUOD binne Gerbrich van Dekken, Wander van Duin en Josse Postma
KONTAKT Stjoer foar fragen of mear ynformaasje in e-mail nei gerbrichenitgrutteguod@gmail.com
of stjoer in whatsapp-berjocht nei 06-15626180. Even skilje kin ek op dat nûmer.
FOLGJE GERBRICH EN IT GRUTTE GUOD