Gerbrich en it Grutte Guod

Gerbrich van Dekken hat al har hiele libben song. Thús ûnder it ôfwaskjen, yn it koar yn Eastermar, op strjitfestivals yn it Ingelsk, mei Gurbe Douwstra yn it Frysk, mei Marcel Smit yn de top 10 fan de Fryske Top 100.

En tsjintwurdich? Tegearre mei Wander van Duin en Josse Postma is sy Gerbrich en it Grutte Guod. Wander sjongt mei en begeliedt op gitaar, mûlharp, banjo, dobro en mandoline. Josse Postma docht wat minder oan ynstrumintewiksels en nimt de akoestyske gitaar foar syn rekken.

De Band

Gerbrich van Dekken
sang, ukelele

Wander van Duin
sang, gitaar, dobro, banjo, mûlharp

Josse Postma
gitaar

Aginda

Snein 15 jannewaris 2017 — De Hege Stins yn Eastermar — 15.00 oere

Gerbrich en it Grutte Guod te gast by Koardinaasje, mei Brassband de Bazuin fan de Rottefalle en Maria Hoogterp op dwersfluit.


Begjin 2017 — Posthústeater op it Hearrenfean — tiid folget

Gerbrich en it Grutte Guod tidens it Winterfestival – mear ynfo folget